Actueel

Archief

Contact en reacties

Fotopagina

FOTOWEDSTRIJD 2011

Hoe komen we aan geld?

Kerk Haskerhorne

Kerk Oudehaske

Kerkdiensten

Kerkblad

Kinderen en jongeren

Namen en adressen

Organisatie en beleid

Preken

Taakgroep Beheer

Taakgroep Diaconie

Taakgroep Pastoraat

Tsjerkeskiednis

Vacatures

Websites

 

Tafalstreffer

(geplaatst 1 juli 2011)

 

Begjin maaie 2011 waard op it tsjerkhôf fan Aldehaske Ynze Dikkerboom begroeven. Dêr wie ek Klaas Telgenhof, in omkesizzer fan him, dy’t it boek oer de tsjerke doe kocht hat. ‘In prachtich boek’ skriuwt er.  Lees verder

 

 It nij tekene skilderijke

 

 

 

 

De ôfbylding fan de tekening fan Frits klein ut 1961

 

 

Tsjerkeskiednis

12 september 2008

In de Kerkklok september-oktober 2008 staat het volgende artikel van Tjitte de Vries opgenomen.

Aardig natuurlijk om op deze pagina van de site te plaatsen.

 

Tsjerkepaed

No sa’n jier nei it útkommen fan ús boek oer de tsjerke in Aldehaske komme wy noch wolris saken tsjin wêr’t jo fan tinke: Wienen wy dat mar earder tsjinkommen, dan hienen wy dat brûke kinnen foar ús boek.

Ik wie by ús heit (biologyske) oan it opromjen, want alle âlde spul moast fuort fan him en

ik woe dat allegear wol hawwe, it hat bot myn ynteresse en der sieten in soad nijsgjirrige saken tusken.

Sa ha wy yn haadstik 1 fan Dat uwe oogen open zijn nacht en dag over dit Huis in lyts stikje oer it Tsjerkepaad skreaun, wy koenen der net mear oer fine.

Tusken it materiaal fan ús heit siet in âlde kaart fan Fryslân út 1665 mei it tsjerkepaad der hielendal op, sels de feart fan it kleaster ‘it Haskerkonvint’ nei de tsjerke fan  Rottum ta, wêr’t de muontsen wei  fearen om harren wurk te dwaan.

Fansels is it in reproduksje neimakke troch de Tille/Waanders ûtjouwerij, it orizjineel

is makke troch Nicolaas Geelkerken en yn 1665 útjûn troch Frederik de Wit (Frysk Museum).

Ik woe dit stikje jim net ûnthâlde en doch der in stikje fan de kaart by.

 

 

 

april 2007

Presentatie 1e exemplaar tijdens officiële opening kerk en bijgebouwen op 10 april 2007

Tijdens de officiële opening van kerk en bijgebouwen in Oudehaske op 10 april 2007 is ook het boek over de geschiedenis van (de kerk van) Oudehaske worden gepresenteerd.

 

Uiteraard is het ook na 10 april mogelijk om een exemplaar te bestellen.

Dat kan als volgt:

1. een e-mail naar info@pknoudehaske.nl met duidelijke vermelding van naam, adres, postcode, woonplaats  en telefoonnummer en om hoeveel exemplaren het gaat. Deze e-mail gaat naar  mevrouw Annemieke vd Veen OF

2. een rechtstreekse schriftelijke bestelling naar: mevrouw Annemieke v.d. Veen, secretaris, Wiidswal 13a, 8465 PS  OUDEHASKE

 

Oanlieding

De Wurkgroep Hasker Histoarje bestiet al hiel wat jierren en wy hawwe ien boek útjûn Doe’t de baarch noch yn ’e beam hong.

Doe’t de fraach by ús kaam om in boek(je) oer de tsjerke te skriuwen, hawwe wy dat oannommen.

 

Wurkgroep

De leden fan de wurkgroep binne:

Sietse Krikke, Rottum (âld-Hasker)

Lammert Bouman, It Hearrenfean (âld-Hasker)

Tjitte de Vries, Aldehaske (al sa’n 20 jier Hasker)

Dick Eisma, Aldehaske (troud mei in Hasker en goed 20 jier ynwenner)

 

Wurksumheden

Wy hawwe de wurksumheden ferdield nei de belangstelling.

Lammert Bouman siket foto’s (en ûnderskriften).

Sietse Krikke docht de besittingen (landerijen, huzen en oare saken dêrmei anneks)

Tjitte de Vries siket en kriget hiel wat ynformaasje oer persoanen byinoar en is ús digitale man wat scannen fan foto’s en sa oanbelanget.

Dick Eisma siket de histoaryske saken oer de tsjerke byinoar en hâldt alles wat yn ’e gaten.

Geregeld komme wy no byinoar om wat wy hawwe te bepraten en te besjen.

Adviseurs binne domeny Peters en Anne Reitsema, want de tsjerke jout it boek út.

 

Stikjes yn de Kerkklok

It is it doel en skriuw alle moannen in lyts stikje tsjerkeskiednis yn de kerkklok om de gemeenteleden alfêst in priuwke te jaan wat se ferwachtsje kinne yn it boek.

Wy fine o sok moai materiaal werom yn boeken en argiven, dat wy springe wolris wat hinne en wer yn ’e tiid.

 

Taal

De stikjes skriuw ik yn it Frysk, mar it boek sil ferskine yn it Nederlânsk.

 

De stikjes hjirûnder kinne jim digitaal besjen en lêze.

 

Dick Eisma

 

 

deel 1: Diakonyboek fan 1759

deel 2: Tsjerketsjinsten yn de Twadde Wrâldoarloch

deel 3: Dodo

deel 4: It Haskerkonvint

deel 5: De reformaasje

deel 6: 1905 – administraasjeboek

deel 7: In foarbyld wêze foar in oar

deel 8: Restauraasje of nijbou fan de tsjerke yn 1906 (1)

deel 9: Restauraasje of nijbou fan de tsjerke (2)

deel 10:  Ds. Ch.C.J.W. Wierts v Coehoorn 1878-1882

deel 11:  Tsjerkfâdijboeken

deel 12:  Tsjerkehillige

deel 13:  Fakatueres

deel 14:  Domeny Dekker

deel 15:  It Prûmke

deel 16:  Avondmaalsbeker

deel 17:  Ik hebbe booske

deel 18:  De pastory

deel 19:  geen ondertitel

deel 20:  Skriuwende dûmnys

 

 

home